Oanpak jeugdwurkleazens

De jeugdwurkleazens nimt ta, en dat giet yn Fryslân hurder as lanlik, 36% tsjin 30%. It tal fakatueres is lyts en der is eangst foar in "ferlerne generaasje". De provinsje hat dêrom mei tal fan oare partijen en gemeenten it Actieplan Jeugdwerkloosheid opsteld. Mei in budzjet fan hast 1,3 miljoen kinne gemeenten jongerenvouchers brûke om in baan te kreeärjen.
Sa is Mijndert Dobber út Haulerwyk oan de slach kommen by Eisenga Kaas yn Easterwâlde. It bedriuw krige dêrfoar sa'n voucher fan 2500 euro. De baan is yn prinsipe foar in heal jier.