Grutte brân binnenstêd Grins

02 apr 2014 - 06:14
  • Brân yn de Herestrjitte yn Grins

Fryske brânwachtkorpsen binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei oproppen om de grutte brân yn de binnenstêd fan Grins te bestriden, mar doe't se goed en wol ûnderweis wiene, waard de oprop wer ynlutsen.

De brân wie yn in hûs achter in winkel yn de Herestrjitte. Fjirtjin bewenners en omwennenden waarden opfongen op it plysjeburo, ien persoan moast nei it sikehûs, omdat dy reek ynazeme hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)