Bouwmeester liedt op Mallorka

01 apr 2014 - 21:20

Marit Bouwmeester giet nei twa dagen oan de lieding by it wrâldbekersilen op Mallorka. De Laser Radial sylster út Warten waard tiisdei twa kear twadde. De earste dei wûn se de earste twa races en waard twadde yn de tredde wedstriid. Bouwmeester hat yn totaal no 6 punten.

De Britse Chloe Martin en de Sinese Zhang sitte krekt achter de Friezinne, dy't sulver wûn op de Olympyske Spelen fan 2012. De wrâldbeker om de Prinses Sofia Trofee duorret noch oant en mei sneon.

Trefwurden: 
sile Marit Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)