Kontrôle op útriden dong

15 feb 2012 - 15:21

It Wetterskip Fryslân hat by in kontrôle mei in helikopter mooglik tritich boeren betrape dy't ferline wike dong útrieden op snie en beferzen grûn. Dat is ferbean omdat der in kâns is dat de dong by teiwaar yn de sleatten telâne komt en it wetter fersmoarget.

De Nieuwe Voedsel en Waren Autoriteit siket út oft de boeren echt yn oertreding binne, want yn guon gefallen mei ek mei winterwaar dong útriden wurde. It wie foar it earst dat mei in helikopter ynspektearre waard. Dat hat it wetterskip goed foldien.

Mei in helikopter kin yn koarte tiid in grutter gebiet besjoen wurde as mei auto's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)