Lj'diel praat oer koälysje

01 apr 2014 - 20:29

Yn Ljouwerteradiel hawwe de PvdA, it CDA en de VVD tiisdei bekend makke dat se fan doel binne in koälysje te foarmjen. De earste twa partijen wienen de grutte winners fan de gemeenteriedsferkiezings. Mei syn trijen hawwe de partijen 10 fan de 15 sitten.

Ynformateur Cees Bijl hat de koälysjefoarming begelaat. De boargemaster fan Ljouwerteradiel, Joop Boertjens, jout fan no ôf lieding oan it oerlis oer in koälysje-akkoart en de foarming fan in nij kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)