Auto yn sleat by Mantgum

01 apr 2014 - 19:37

Op Tsjeintgum by Mantgum is tiisdei oan de ein fan de middei in auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre. De bestjoerster koe sels út de auto komme en hat help socht by in wenning inkele hûnderten meters fierderop.

It ambulânsepersoniel hat har dêr opfongen en ûndersocht. De auto is út de sleat takele en ôffierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)