Kwart miljoen topman Sionsberg

01 apr 2014 - 18:53

De âld-bestjoersfoarsitter fan de Dokkumer soarchgroep Pasana, Christian Krappel, hat by syn ôfskied yn 2012 goed in kwart miljoen meikrigen. Dat stiet yn it jierferslach fan Pasana dat tiisdei iepenbier wurden is. Krappel gong fuort wylst sikehûs de Sionsberg, ûnderdiel fan Pasana, yn swier waar siet.

Hy waard opfolge troch Johan Wagenaar. Under syn lieding is de Sionsberg in gearwurking oangong mei Nij Smellinghe yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)