Piet Paulusma ferhuzet

Piet Paulusma syn nije kantoar en wenning © Google Streetview
Piet Paulusma sil ferhúzje. Hy hat in hûs kocht yn 'e binnenstêd fan Harns. It giet om de eardere boargemasterswenning oan it Franekereind. De Fryske waarman wennet no noch oan 'e râne fan de stêd en docht dêrwei alle dagen syn waarpraatsje foar de omrop. Dêrfoar wenne er jierren yn Hjerbeam.
Yn it opfallende giele gebou oan de alvestêderûte siet earder in ICT-bedriuw. De kantoarfilla is healwei de 19e ieu boud en is in beskerme stedsgesicht. Paulusma giet der wenjen en ek syn bedriuw wurdt der festige. Hy ferwachtet yn juny te ferhúzjen.