Koälysje Kollumerlân is rûn

Gemeente Kollumerlân
Kollumerlân krijt in koälysje fan FNP, VVD en PvdA. De earste twa partijen binne beide de winners fan de ôfrûne gemeenteriedsferkiezings. Ferliezer CDA en de ChristenUnie falle mei dizze konstruksje bûten de boat.
By de FNP en de VVD wie in foarkar foar gearwurking mei de PvdA, ek omdat se grut fertrouwen hawwe yn de sittende wethâlder fan de PvdA. De kommende wiken prate dizze trije partijen dêrom fierder oer it koälysjeprogramma en de gearstalling fan it kolleezje. Dat krijt trije wethâlders.