Grutte Ziggo-steuring

01 apr 2014 - 16:27

Ynternet-leveransier Ziggo hat tiisdei te krijen hân mei in steuring. Dat meldt RTV Noord. Alle saaklike klanten yn it noarden sieten goed 4 oeren sûnder ynternet.

Ziggo tinkt dat de steuring ûntstien is troch in saneamde DDOS-oanfal. Hjirby wurdt in webside mei help fan kompjûters bestookt. Dêrtroch reitsje de servers oerbelêste. Om trije oere middeis die it ynternet it wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)