DVC: spesjale Keningsflage

01 apr 2014 - 15:52
  • Dokkumer Vlaggen Centrale
  • DVC komt mei in spesjale Keningsflage

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat in spesjale Keningsflage makke, omdat we dit jier foar it earst gjin Keninginnedei, mar Keningsdei fiere. De Keningsdei is op 27 april, mar omdat dat dit jier op in snein falt, is it dit jier sneon 26 april Keningsdei.

De nije flage is basearre op de populêre flage dy't ferline jier makke is foar de kroaning fan Kening Willem-Alexander. Dêrfan waarden yn in pear moanne tiid mear as 60 tûzen eksimplaren ferkocht. It Dokkumer bedriuw ferwachtet dat ek dizze Keningsflage it goed dwaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)