Skylge ûniens mei Doeksen-plan

01 apr 2014 - 15:29

It gemeentebestjoer fan Skylge giet net akkoart mei it troch rederij Doeksen betochte besunigingsplan. Doeksen wol ûnder oare de priis fan in inkele reis mei de sneltsjinst mei 75 sint ferheegje. De gemeente tinkt dat dizze maatregel grutte gefolgen ha sil foar it toerisme op it eilân. Ek fynt it dat Doeksen dit besunigingspunt net goed ûnderbout. De rederij seit dat it besunigje moat om't it bot lêst hat fan de konkurrinsje fan de rederij EVT.

It gemeentebestjoer fan Flylân nimt tiisdei ek in beslút oer de besunigings fan Doeksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)