Wykein-pleechgesinnen socht

01 apr 2014 - 14:46

Jeugdhelp Fryslân siket pleechâlden dy't bern opfange wolle yn de wykeinen en de fakânsje. It giet om bern dy't noch wol gewoan thús wenje, mar dy't yn in problematyske situaasje sitte. Bygelyks trochdat har âlden skieden binne, of trochdat se in 'rêchsekje' ha.

Trochdat yn wykeinen en fakânsjes de struktuer foar dizze bern fuortfalt, ha se it ekstra dreech. In plak dêr't se goed opfongen wurde, is dan hiel wichtich. Ynkoarten binne der foarljochtingsbyienkomsten foar potinsjele pleechâlden.

Jeugdhelp Fryslân soarget foar de goede begelieding fan de pleechâlden.

Sjoch hjir foar de webside fan Jeugdhulp Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)