Cambuur: "Profesjoneel wêze"

Cambuur spilet woansdei de útwedstriid tsjin FC Utrecht. De Ljouwerters hienen in roerige tarieding op de wedstriid. Lilke supporters woenen nei de training ferhaal helje by trainer Dwight Lodeweges, dy't, lykas bekend, takom seizoen trainer wurdt by SC Hearrenfean. Dat falt net goed by guon supporters.
Lodeweges waard tiisdei út de wyn hâlden en assistint trrainer Henk de Jong seach foarút op de wedstriid fan woansdei. De Jong fynt dat de supportersaksje gjin ynfloed hawwe mei op de wedstriid. "Der moatte wy profesjoneel yn wêze".