Hynderke fan 2000 jier âld

01 apr 2014 - 14:35

It skelet fan in hynder dat al in skoftke yn besit is fan it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld, blykt wol 2000 jier âld te wêzen. Nei alle gedachten giet it om in hynderke dat bedobbe is yn in terp yn Fryslân, mooglik dy fan Ferwert.

Troch ûndersyk mei de saneamde C-14 metoade is dat fêststeld. It skelet komt út de kolleksje fan de lânbou-universiteit fan Wageningen. Folsleine skeletten út de izertiid en de betide Romeinske tiid, bin tige seldsum. 'De merry fan Ferwert', sa't it hynder neamd wurdt, is fan tiisdei ôf te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)