Frije Bilkerts bûten kolleezje

01 apr 2014 - 12:58

De grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezings op It Bilt 'De Frije Bilkerts' docht net mear mei yn de petearen foar in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders. It CDA set de petearen troch mei Werkgroep Het Bildt en de PvdA. It stânpunt fan de Frije Bilkerts oer in referindum en de weryndieling wie in brekpunt foar de oare partijen.

It CDA wol ûnder oare sjen oft it hjoeddeistige kolleezje fan CDA en WHB troch te setten is.

Yn oare gemeenten lizze ek opfallende advizen fan de ynformateurs. Sa docht it CDA yn Smellingerlân foarearst net mear mei oan de petearen. It CDA hat jierrenlang yn it kolleezje sitten, mar de PvdA sil no earst prate mei D66 en de winner fan de ferkiezingen, de SP. It CDA stiet noch wol yn it twadde en tredde advys fan de ynformateur. Mocht de earste opsje mei PvdA, ChristenUnie, SP en D66 stikken rinne, dan is der noch in kâns dat it CDA wol wer meidocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)