Bern sakje troch de stuollen

01 apr 2014 - 12:23

In stik of wat âlden fan skoalbern fan de Simon Havingaskoalle yn Snits binne yn in 1 aprilgrap trape. De skoalle sei dat der problemen mei de meubels wiene. Skoalbern moasten dêrom in eigen stoel meinimme. It gefaar bestie oars dat de skoalbern troch de stoel hinne sakje en ferwûne reitsje soene.

De bern dy't in eigen stoel of kruk meinaam hiene mochten der wol op sitten gean as se dat leuk fine.

De redaksje hat ferskate 1 aprilgrappen op in rige setten. Besjoch se hjir.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)