Emoasjes by Cambuurstadion

De emoasjes rûnen tiisdei heech op by it Cambuurstadion. Lulke supporters fan de klup kamen op de training fan de ploech ôf om te protestearjen tsjin trainer Dwight Lodeweges. Moandei waard bekend dat Lodeweges nei dit seizoen oerstapt fan Cambuur nei Hearrenfean.
Dat falt by de hurde kearn fan de supporters net goed. De supporters fan Cambuur fine dat ûnbegryplik en easkje dat Lodeweges fuortendaliks opstapt. Lodeweges komt tongersdei mei in ferklearring. Hy sit woansdei by de wedstriid tsjin Utrecht wol op de bank.