Himpkwekerij Burgum ûntmantele

© ANP XTRA
Yn in loads oan de Hannelswei yn Burgum hat de plysje in himpkwekerij mei 66 planten fûn. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei klachten oer stank. De plysje fûn de kwekerij yn in ôftimmere part fan de loads. De elektrisiteit waard bûten de meter om ôftape fan it net.
Op solder wie ek in wenromte makke, dêr fûnen de plysjes in 33-jierrige man, hy ferklearre de eigener te wêzen fan de loads en de kwekerij. De man is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo foar ferhoar. Dêrnei is er wer frijlitten. De kwekerij is ûntmantele.