Sterk begjin Marit Bouwmeester

31 mrt 2014 - 22:21
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is sterk begûn oan it wrâldbekersilen op Mallorka. De Laser Radial sylster út Warten wûn de earste twa races en waard twadde yn de tredde wedstriid. De Britse Chloe Martin, Josefin Olsson fan Sweden en de Sinese Zhang sitte krekt achter de Friezinne, dy't sulver wûn op de Olympyske Spelen fan 2012. De wrâldbeker om de Prinses Sofia Trofee duorret oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)