Koälysje Smellingerlân

31 mrt 2014 - 22:15

De partijen PvdA, ChristenUnie, SP en D66 sille yn Smellingerlân fierder prate oer in nij kolleezje. Dy koälysje mei santjin sitten yn de gemeenteried is de earste opsje fan ynformateur Marco Florijn.

Dêrmei soe it CDA foar it earst bûten it kolleezje falle. De kristendemocraten komme yn de twadde opsje wol foar. Se soene dan mei PvdA, ChristenUnie en SP tweintich sitten helje. De tredde opsje is in koälysje fan PvdA, CDA, ChristenUnie en D66 mei achttjin sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)