Minder parkearjild Dokkum

De opbringst fan betelle parkearjen yn Dokkum is it ôfrûne jier mei de helte ôfnaam. Dat is it gefolch fan in proef fan de gemeente Dongeradiel wêrby't parkearjen op plakkken oan de râne fan de binnenstêd fergees is en allinnich yn it sintrum betelle wurde moat. De gemeente helle foardat de proef begûn fjouwer ton yn 't jier op mei parkearautomaten, en no mar twa ton.
Om't de gemeente takom jier goed twa miljoen euro besunigje moat, is ûnwis oft de besteande parkearregeling bliuwt sa't er no is.
De proef is mei opset op fersyk fan ûndernimmers yn it sintrum dy't graach mear klandyzje en omset hawwe wolle. Dat doel is foar in part helle.