'Fertochte Ooms tarekkenber'

De haadfertochte yn de saak Ooms is folslein tarekkenber. Dat is woansdei bekend wurden by de behanneling fan it heger berop yn dy saak. Marinus Ooms waard seis jier lyn dea fûn yn syn hûs yn Haulerwyk. Hy wie om it libben brocht.
Der waarden trije manlju oanhâlden en feroardiele ta lange finzenisstraffen. De haadfertochte krige 18 jier. Hy gie yn berop. De man is psychysk ûndersocht en dat smiet in ferrassende útkomst op. Neffens justysje is de man folslein tarekkenber foar syn dieden. De man ûntkent dat er by de saak belutsen is.
Ut it ûndersyk kaam ek nei foaren dat de man wol in psychyske stoarnis hat, mar dy is neffens de saakkundigjen net te rymjen mei it ekstreme geweld dêr't Ooms mei om it libben brocht is.