Wjerstân wynmûnen Iselmar grut

Wynmûnen yn de Iselmar kostje Fryslân jild. Toeristen litte de provinsje links lizze en jouwe harren jild út yn oare provinsjes. Der soe ek goed sjoen wurde moatte nei de gefolgen foar de fiskerij. Dat binne in pear fan de saken dy't moandei oan bod kamen by de provinsjale harksit oer de plannen foar in wynmûnepark yn de Iselmar. Fertsjintwurdigers út ûnder oare de fiskerij, de rekreaasjesektor en omlizzende doarpen sprutsen harren dêr út oer de plannen. De wjerstân tsjin wynmûnen yn de Iselmar is grut.
Ien fan de ynsprekkers wol bygelyks dat de doarpsmûnen bliuwe of fernijd wurde. Draachflak ûnder de befolking is mooglik as mûnen jild opsmite foar de doarpen. In wynmûnepark yn de mar soarget krekt foar wjerstân.