Jiergearkomste Feanwâlden

De feriening fan doarpsbelangen Feanwâlden/Feanwâldsterwal besprekt op de jiergearkomste tal fan saken dy't yn of by it doarp spylje. Fansels stiet de bou fan it multyfunksjoneel sintrum op de wurklist, mar ek tal fan oare saken. Sa krije allerhande wurkgroepen de kâns om yn 5 minuten de doarpsbewenners by te praten. Guon projekten dy't oan 'e oarder komme, binne 'Wetterwâlden Bûtenfjild', de takomstplannen fan 'e gebietskommisje 'Bûtenfjild' en de wurkgroep 'Bine en Bouwe', dy't him dwaande hâldt mei boargerpartisipaasje yn de beide doarpen.