Miljoen foar tsjerken oanfrege

De Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen freget oan it ryk subsydzje fan mear as 1 miljoen euro foar it ûnderhâld fan fjirtich tsjerken, tsjerketuorren en tsjerkhôven yn Fryslân. Foar acht objekten is it de twadde kear dat se op de list stean, om't eardere fersiken ôfwiisd waarden.
As de subsydzjes no wol takend wurde, dan wol de stichting yn 2015 en 2016 oan de slach. Dit is neffens de stichting goed foar bou- en restauraasjebedriuwen yn Fryslân.