Buorrehelp yn Fryske Marren

31 mrt 2014 - 17:11

Goed santich frijwilligers yn de nije gemeente De Fryske Marren hawwe harren oanmeld foar it projekt Kleine Kernen Eigen Kracht. Dêrmei sizze se ta better om harren buorlju te tinken.

Yn seis doarpen en buerten yn de gemeente binne lytse frijwilligersorganisaasjes oprjochte dy't minsken helpe dy't tydlik net foar harsels soargje kinne. As bygelyks ien mei in brutsen skonk sit, kin in frijwilliger belle wurde om mei de hûn fuort te gean of it gers te meanen. It projekt is in inisjatyf fan wolwêzensynstânsje Miks op De Jouwer.

It projekt is sa'n grut súkses dat it meikoarten útwreide wurdt nei in buert op De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)