Derks: 'Icedôme skrasse'

31 mrt 2014 - 16:49

As de inisjatyfnimmers fan Icedôme yn Almere net uterlik tiisdei mei in finansjele ûnderbouwing komme, moat it plan foar in topsportiisbaan skrast wurde troch de KNSB en sportkoepel NOC*NSF. Dat seit direkteur Eelco Derks fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean.

De plannemakkers fan Icedôme moatte foar 1 april de finansjele ûnderbouwing by it reedridersbûn ynleverje. Oars foldogge se net oan de ôfspraken. De KNSB wachtet moandei noch ôf en sil tiisdei mei in reaksje komme.

De iisbaanplannen fan Icedôme yn Almere moatte 183 miljoen euro kostje. De inisjatyfnimmers hawwe hieltyd sein dat in Amerikaanske en in Europeeske finansier garant stean foar dat bedrach, mar dat hat noch net bliken dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)