Akrogymmers Drachten nei WK

31 mrt 2014 - 15:52
  • Akrogym Adonis

Adonis Akrogym út Drachten hat him yn Breda mei trije teams pleatst foar it WK yn Frankryk. Yn Breda wiene snein de lêste kwalifikaasjes foar de Nederlânske dielname oan 'e wrâldkampioenskippen. It wie derop of derûnder foar de Fryske feriening út Drachten, mar Adonis pykte op it goede momint.

De teams hiene de lege limyt al helle, mar snein no ek de hege limyt, it WK-nivo. Trije teams kwalifisearren harren foar de wrâldkampioenskippen dy't yn july yn Frankryk hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)