'Jorritsma moat yngripe'

31 mrt 2014 - 14:41

Kommissaris fan de Kening Jorritsma moat yn aksje komme tsjin de fearboatoarloch op de Waadsee. Dy oprop docht de steatefraksje fan Friese Koers.

Neffens fraksjefoarsitter Hiemstra is it nuver dat de provinsje in soad jild stekt yn it promoatsjen fan it toerisme, en dat Doeksen tagelyk omreden fan konkurrinsje besunigje wol, ûnder oare op de ynset fan rappe boaten en troch de priis foar in oertocht wat te ferheegjen. Dat binne maatregels dy't Jorritsma mei syn kontakten en ynfloed yn Den Haag grif opkeare kin, tinkt Hiemstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)