Dwight Lodeweges nei H'fean

31 mrt 2014 - 14:00

Trainer Dwight Lodeweges giet oan de ein fan dit seizoen by SC Cambuur wei om folgjend seizoen by SC Hearrenfean oan de slach te gean. De Kanadeeske trainer makket gebrûk fan in klausule yn it kontrakt.

Lodeweges hat yn it seizoen 2003-2004 ek al by Hearrenfean wurke. Doe wie er assistint-trainer ûnder Foppe de Haan. Earder wurke er as haadtrainer by NEC, Zwolle, Grins en yn Japan en Kanada. Hy wie ek assistint-trainer fan Go Ahead Eagles en PSV. Yn de simmer kaam Lodeweges oer fan haadklasser VVOG yn Hurderwyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)