Drugsmoard foar rjochtbank

31 mrt 2014 - 11:54
  • It hûs fan Eker yn Easterwâlde dêr't de sjitterij plakfûn

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet moandei de moard op de 51-jierrige Henk Eker fan Easterwâlde. Hy waard op 9 jannewaris 2013 yn de tún fan syn wenning deasketten. De fertochten binne in 28- en in 33-jierrige Amsterdammer. De saak soe om healwei tsienen útein sette. Dat waard alve oere. De fertraging ûntstie om't ien fan de fertochten net op 'e tiid by de rjochtbank brocht wurde koe.

Eker hannele yn himp. Hy waard deasketten nei in mislearre drugsdeal.

Fanwege de lette start liket it der sterk op dat ien dei net genôch is. Dan soe der in twadde sittingsdei komme moatte. Hokker dei dat wêze sil, wurdt noch bekend makke. Tiisdei is it yn alle gefallen net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)