Mishanneling by de foardoar

31 mrt 2014 - 11:14
  • Geweld

In ynwenner (43) fan Aldeboarn is sneintejûn oanhâlden foar mishanneling en fernieling. Earder dy jûn waard by in wenning oan de Molenkamp yn Sint Nyk oanbelle. Doe't de bewenster iependie, frege de fertochte nei har man. Dy kaam by de doar en krige in klap foar de holle. De bewenner die de doar ticht, mar de fertochte fernielde in rút njonken de doar.

De plysje is nei de melding fuortendaliks mei ûndersyk úteinset. De Aldeboarnster kaam dêr as fertochte út nei foaren. Hy is dyselde jûn oanhâlden. It motyf foar de mishanneling is ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)