Harksitten wynenerzjy live

31 mrt 2014 - 10:00
  • Wynturbines

Omrop Fryslân en de provinsje stjoere de trije harksitten oer wynenerzjy live út op ynternet. De byienkomsten yn Drylts en Ljouwert wurde organisearre troch de kommisje Lân, Loft & Wetter fan Provinsjale Steaten. Se wolle graach de miening hearre fan de ynwenners fan Fryslân oer de plannen foar wynenerzjy yn de Iselmar. De plannen binne beskreaun yn de struktuerfyzje 'Fryslân Windstreek 2014 IJsselmeer'.

Fyftich minsken en ynstellings wolle ynsprekke op de jûnen. It soe ynearsten gean om twa harksitten. Dêr is no in tredden by kaam.

De harksitten begjinne om 19.00 oere en binne streekrjocht te folgjen fia www.omroplive.nl en www.fryslan.nl/ps.

Besjoch hjir de struktuerfyzje 'Fryslân Windstreek 2014 IJsselmeer'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)