Blog: Dielnimmers Special Olympics krije APK keuring

31 mrt 2014 - 09:36

Alle dielnimmers oan de Special Olympics kinne har fergees keure litte troch organisaasje Healthy Athletes. Sa kinne de dielnimmers te witten komme as se in goeie kondysje binne. Healthy Athletes testet oft de dielnimmers goed sjogge, rinne, bewege en hearre. Ek it gebit en de algehiele kondysje wurde ûndersocht.

Healthy Athletes is in profesjonele organisaasje dy’t har frijwillich en belangeleas ynset foar atleten. De organisaasje is by ferskate nasjonale en ynternasjonale eveneminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)