Westra wint slotrit Kataloanje

30 mrt 2014 - 16:59
  • Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana

Lieuwe Westra fan De Tynje hat snein de slotrit fan de Ronde van Catalonië op syn namme brocht. De hurdfytser fan Astana liet yn de slotfaze mei sukses syn meiflechters achter en kaam nei in wedstriid oer 120 kilometer as earste oer de finish op de Montjuïc yn Barcelona. Syn foarsprong wie sawat oardel minút. It wie Westra syn earste winst yn tsjinst fan syn nije ploech.

De Fries soarge foar de twadde Nederlânske oerwinning op rige. In dei earder wûn Stef Clement de sechsde etappe. De einoerwinning gie nei de Spanjert Joaquim Rodriguez.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)