Stasjon Marrum wurdt museum

30 mrt 2014 - 12:47

It stasjonsgebou by Marrum wurdt in soarte fan museum en besikerssintrum oer it spoar. Tiisdei komt in grutte lokomotyf út it jier 1914 en letter sille der ek twa âlde perronweinen delset wurde. It stasjon krijt in ynrjochting lykas yn de tweintiger en tritiger jierren.

Eigener Klaas Smit is nei acht jier safier dat er it gebou meitsje kin sa't hy it graach wol, mei in eksposysje en in winkel. De bedoeling is dat it stasjon kommende simmer iepen giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)