Liet Hanneke en Syb skoart

It liet 'Net als jij' fan Syb van der Ploeg en Hanneke Vulperhorst docht it al poerbêst. It kaam freed út en stie al gau op nûmer 14 yn de Nederlânske iTunes-hitlist en it is al hast 18.000 kear besjoen op YouTube. De Ljouwerter Hanneke is 16 jier en hat sûnt har 12e in harsentumor. Mei it nûmer wol Hanneke in boadskip oerbringe om net te gau te oardieljen. Dat spruts Syb van der Ploeg bot oan.
De organisaasje Make-A-Wish hat derfoar soarge dat Hanneke har dream útkomt om dizze boadskip oer te bringen. De opbringst giet nei Make-A-Wish.