Man yn it wetter yn Harns

30 mrt 2014 - 11:41

Helptsjinsten ha sneintemoarn betiid in man yn Harns út it wetter helle. Yn it sintrum wie er yn it wetter fan it Noordijs fallen. Hy wie dronken. Doe't de helptsjinsten kamen, lei de man al in kertier yn it wetter. Omstanners ha him úteinlik út it wetter helle. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

In motorrider is sneontemiddei yn Harns yn in sleat riden. Oan de Zuidwalweg rekke de man troch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam yn de sleat telâne. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Harns plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)