Opknapbeurt foar Belvédère

Museum Belvédère yn Oranjewâld is de kommende twa wiken ticht. It museum, dat hast tsien jier bestiet, is ta oan in opknapbeurt. It wurdt ûnder oare op 'e nij skildere. Nei dizze snein slute de doarren en wurdt begûn mei it fuortheljen fan de keunst. Oanslutend oan it wurk wurdt in nije tentoanstelling ynrjochte, it museum is dêrom de wike nei de opknapbeurt mar foar in part iepen.