Harns pakt ljochthinder oan

30 mrt 2014 - 10:58

De gemeente Harns ferfangt meikoarten in tal ljochtmêsten oan de Lange Lijnbaan yn Harns. It ljocht fan de mêsten strielet tefolle út oer it Waad. It ferfangen makket diel út fan in grutter offinsyf om ljochthinder foar it Waad tsjin te gean. Sa wurde ek Harnzer bedriuwen dy't oan de Waadkust steane, oproppen om har ferljochting oan te passen. Sy kinne koarting krije op spesjale lampen, dy't net foar hinder soargje.

Ut sifers docht bliken dat 70 prosint fan it ljocht om it Waad hinne foar oerlêst soarget foar de bisten yn it gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)