Stekpartij yn Ljouwert

By in stekpartij yn de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert is sneontejûn in 26-jierrige Ljouwerter swier ferwûne rekke. De man is meardere kearen stutsen yn syn skonken. In healoere letter koe de plysje in 24-jierrige Burgumer oanhâlde op fertinking fan de stekpartij. It slachtoffer is, neidat hy stutsen wie yn syn eigen hûs, flechte en op de Claes Balckstrjitte fûn. Yn it sikehûs is hy operearre.
De fertochte en it slachtoffer koene mekoar. De plysje tinkt dat de oarsaak fan de stekkerij yn de relasjonele sfear leit.