Underdûkplak wer tichtmakke

29 mrt 2014 - 16:18

De ûnderdûkersplakken yn it Harmoniegebou yn Harns binne wer tichttimmere. It histoaryske gebou út 1845 rûn in heal jier lyn flinke skea op troch in stoarm en moast wer makke wurde. By de restauraasje waarden boppeyn it gebou ûnder it dak fjouwer bysûndere ûnderdûksplakken út de Twadde Wrâldoarloch fûn.

Yn it gebou sit no in fytsewinkel. Eigener Jelle Dijkstra is bliid dat de restauraasje klear is. Hy fynt it allinnich spitich dat de ûnderdûkersplakken net mear sichtber binne, want it plafond is folslein tichtmakke.

Dijkstra seit dat it Fersetsmuseum yn Ljouwert wol plannen hat om in 3d-scan te meitsjen fan de ûnderdûkersplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)