Juweliers kjel nei 'Deurne'

29 mrt 2014 - 13:50
  • Oerfallers deasketten by oerfal juwelier yn Deurne

Fryske juweliers binne kjel wurden fan it nijs fan de oerfal yn Deurne fan freed. Twa oerfallers yn dat Brabânske plak waarden deasketten, doe't se ynbrutsen by in juwelier.

Juweliers krije faak mei geweld te krijen en sok nijs hout der bot yn. Op strjitte sizze in soad minsken dat se de situaasje tryst fine, mar dat se wol begripe dat it in kear misgean soe. Juweliers fiele harren machteleas, omdat se al in soad oan feiligens dogge. Sa litte se goud yn de klûs lizze en hawwe se kamerabefeiliging.

Der wurdt ek in soad gebrûk makke fan gps-systemen. Juweliers hawwe boppedat in telefoan-'beam' dêr't se inoar mei warskôgje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)