Wichtige wike foar Cambuur

Cambuurtrainer Dwight Lodeweges sjocht fol betrouwen út nei de thúswedstriid tsjin AZ. De kommende wike kinne de Ljouwerters goede saken dwaan yn de striid om liifsbehâld. Yn seis dagen tiid spilet Cambuur trije wedstriden: snein thús tsjin AZ, woansdei de útwedstriid tsjin Utrecht, folge troch de útwedstriid by NEC op freed.
Mei winst komt de ploech fan Lodeweges op 37 punten en binne de Ljouwerters sa goed as wis fan earedivyzjefuotbal takom seizoen. Oanfaller Elvis Manu hat al wer meitraind en soe snein meispylje kinne tsjin AZ.