Fiskershúske docht yn truien

Museum It Fiskershúske yn Moddergat © Omrop Fryslân
't Fiskershúske yn Moddergat begjint nije wike snein mei de ferkeap fan truien. It giet om fiskerstruien, dy't troch frijwilligers breide binne nei âlde patroanen út Moddergat en Wierum.
De ferkeap is ûnderdiel fan in tentoanstelling oer breidene fiskerstruien, dy't fan maaie ôf te sjen is. In diel fan de frijwilligers is by de start fan de ferkeap oanwêzich om te fertellen oer har wurk. Ek kinne der patroanen fan truien kocht wurde.