Nije baas Folkshegeskoalle

Amarins Geveke wurdt de nije direkteur fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Mei yngong fan july folget se Klaske Jaspers op, dy't nei fjirtjin jier ôfskie nimt. De Folkshegeskoalle bestiet sûnt 1948 en organisearret alle jierren kursussen op it mêd fan kreativiteit, besinning, natuer en Fryske taal en kultuer. Ek binne der kampen foar jongerein.
Amarins Geveke wennet sûnt 2008 op Skylge, se is der rekreaasje-ûndernimmer en sit der foar de VVD yn de gemeenteried.