Ljouwert yn ynbraak-top 20

Ynbraak © ANP XTRA
De gemeente Ljouwert stiet lanlik op it sechde plak, as it giet om it tal registrearde ynbraken yn huzen. Dat docht bliken út in fergelyk fan sifers út 2013, dy't it Centraal Bureau voor de Statistiek makke hat. Yn Ljouwert waard ferline jier njoggen kear ynbrutsen per 1000 ynwenners.
As it giet om it totaaltal ynbraken, bygelyks ek yn bedriuwen en auto's, dan komt Ljouwert út op 51 ynbraken per 1000 ynwenners. Dat is mear as yn 2012 en 2011, mar minder as yn 2005. Doe wienen it hast 59 per 1000 ynwenners.