Twa kear goud foar Epke

28 mrt 2014 - 21:06

Turner Epke Zonderland hat freed twa kear goud wûn by de World Challenge Cup in Doha. Epke wûn sawol op rek as op brêge. Op dat lêste ûnderdiel moast er syn oerwinning wol diele mei de Dútser Marcel Nguyen, dy't likefolle punten helle.

Yn maaie stiet foar Epke Zonderland it Europeesk kampioenskip op it programma, dat hâlden wurdt yn it Bulgaarske Sofia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)