Heerschop mei by IFKS bliuwe

IFKS © Omrop Fryslân
Skûtsjeskipper Sikke Heerschop mei by de IFKS bliuwe, dat is de útkomst fan in petear earder dizze wike tusken it bestjoer fan de IFKS en Heerschop. De skipper waard by de ledegearkomste fan 8 maart royearre, omdat er him neffens it bestjoer misdroegen hawwe soe doe't by de gearkomste de beneaming fan in nije foarsitter behannele waard. Ut it petear is nei foarren kaam dat beide partijen flaters makke hawwe. Yntusken is der wer betrouwen yn elkoar en dêrom mei Heerschop meidwaan oan de wedstriden fan dizze simmer.